Fryske Skiednis
Geplaatst: 27-09-2007 15:43
Ik mei as Feanster wol meiprate oer wat der allegear yn 't stadion bard. Der binne no guon't Feanfans dy't yn in identiteitskrisis sitte. Feansters binne gjin Wytsingen (Vikingen)! Friezen hawwe nea Wytsingen west!!! Wy ha kriich mei de Wytsingen hân, hja hawwe altiten ús fijân west.
De Friezen hawwe nea besibbe west mei de Kelten of Wytsingen bygelyks. Friezen binne boppedat gjin Nederlanners!!! Identiteitskrisis, it is slim op it stuit.
Yn it Aldfrysk
Yn it Nijfrysk
Thit send tha urkera allera Fresena.
Dit binne de oerkêsten fan alle Friezen.
Theth forme, theth hia gaderkome enes a iera to Upstelesbame a tyesdey anda there pinxstera wika and ma ther eratte alla tha riucht, ther Fresa halde skole. Jef aeng mon eng bethera wiste, theth mathet lichtere lette and ma theth bethere helde.
Foarst, dat hja ien kear yn it jier op de tiisdei yn de pinksterwike by de Upstalbeam gearkomme sille en dat hja dêr alle rjochten besprekke, dy’t de Friezen oanhâlde sille. As immen in better rjocht wit, moatte hja it minder goede opjaan en it bettere folgje.
Thiu othere kere: ief there soghen selonda aeng vrherath vrde auder fon tha suther sareda ridderum jeftha fon northeska wigandum, theth tha sex tha soghenda hulpe, theth hit alsa wel machte sa there sexa hoc.
De twadde kêst: as ien fan de sân seelannen troch de wapene ridders út it suden of troch de striders út it noarden ferwoastge wurdt, sille de seis it sânde helpe, sadat it like sterk bliuwe sil as elts oar seelân.
(út it Emsiger Rjocht, om1300 hinne)